Op fersyk foar dizze kear de blog yn it frysk!
Dizze wike is der wer in protte dien yn en rûnom de gymseal. Wat fansels fuortendaliks opfalt binne de prachtige nije goaten oan de lange siden fan it gebou. Wy wiene hielendal klear foar de koade giel hjoed, mar it minne waar hat ús net berikt.
Op souder binne de isolatie wurksumheden sa goed as klear. Hjir en dêr moat noch efkes in naadsje of gatsje opfolle wurde, mar dit is stopwurk.
Bootsma hat op ferskate plakken de dakkonstruksje fersterke sadat wy de dakpannen en sinnepanelen nei ferrin fan tiid net op souder lizzen hawwe yn plak fan wêr’t hja hearre. De sinnepanelen dogge har wurk al goed, de enerzjy streamt binnen mei dit moaie waar!
De oanlis fan de WTW ynstallaasje sjit ek al moai op. Yn it plafond binne hjir en dêr al fentilaasjegrillen pleatst wêr it buizenstelsel dat op souder leit, aanst op oansletten wurdt. De WTW apparatuer hat yntusken ek in plakje op souder fûn en is sa goed as oansletten. Wannear alles neffens planning ferrint, is de WTW yn’e rin fan folgjende wike operasjoneel.
In WTW unit is in soart ventilator wêrby de fersmoarge lucht út de gymseal ôffierd wurdt en skjinne lucht oanfiert wurdt wêrby gebrûk makke wurdt fan waarmte werom winning, de waarmte fan ‘e fersmoarge lucht wurdt brûkt om de frisse lucht te ferwaarmjen. Hjirtroch giet der amper waarmte en enerzjy ferlern.
Wêr’t wurke wurdt, ûntstiet rommel! Dizze rommel is ôfrûne wike wer allegearre opromme en ôffierd. De konteners bin ophelle en de oare troep lykas karton, âld izer en plastic is troch in oantal frijwilligers nei de gemeente brocht. It sjocht der wer netsjes út yn en rûnom de gymseal. ûnderwilens is ek de brûsromte en frouljusklaaikeamer, hokker as ‘keuken’ tsjinst die, rom makke. Folgjende wike sil nammentlik start wurde mei it oanlizzen fan de riolearring en wetterlieding foar it beheindenhuske en de brûs.
ûnderwilens is ien pallet mei golfdakpannen ophelle. De Fryske flakke pannen hawwe noch gjin nije eigner fûn, lykas de 40 plafondplaten dy’t oer binne. Mocht immen belangstelling hawwe, lit it ús witte!
De klaaikamers wurde aanst troch infrarood panelen ferwaarme, de oanlis fan it elektra dêrfoar fynt plak op de lytse krappe romtes boppe de klaaikamers. Respekt foar de frijwilligers dy hjir jûn oan jûn yn har nauwe holtsjes krûpe om yn gearwurking mei de installateur de tariedingen dêrfoar te treffen. Al de âlde oertallige liedingen binne dêr ûnderwilens fuorthelle en de oanlis is yn folle gong.
Yn de seal hat ek in grutte ‘metamorfose’ plakfûn! Neidat zzp’er Hartem it plafond, de ruten en doarren ofplakt hie, hat hy de muorren yn de gymseal wyt spoten. It is no in gehiel. De foarsetwanden wurde meikoarten troch frijwilligers noch in kear yn’e saus set om’t dizze nei 2 kear spuitsjen dochs noch in griene waas hawwe. De lambrisering, hokker yn de âlde situaasje giel wie, kin meikoarten ek skildere wurde, mar no yn deselde grize kleur as de doarren. Yn de jongensklaaikamer binne de gatsjes yn de nije foarsetwand al stoppe dus dit is ek klear om yn de ferve!
Koartsein is der wer flink wat foarútgong!
Wy winskje alle frijwilligers dy’t al op fakânsje binne of meikoarten gean, in moaie fakânsje ta!